Ald jild, âlde mjitten en âlde wichten

De Wikipedy hat ek in side Fryske muntnammen.
De Wikipedy hat ek in side pûnsmiet.

Yn 1948 folge Juliana har mem Wilhelmina op as keninginne. Dy wikseling foel sawat lyk mei de ynfiering fan in oar muntstelsel. De Dútsers hienen dêr yn de besettingstiid al in begjin mei makke. Oant dy tiid seach de âlde samling munten der sa út:

healtsje - ½ sint

sint - 1% (persint) fan in goune

botsen - 2½ sint

stoer - 5 sinten

dûbeltsje - 10 sinten (in dûbele stoer)

kwartsje - 25 sinten (it kwart fan in goune)

healegoune - 50 sinten (twa kwartsjes, tsien stuorren)

goune - 100 sinten (no ±45 eurosinten)

ryksdaalder- 2½ goune

fiifgoune - 5 goune

t(s)ientsje- 10 goune (gouden tsientsje)


De meartallen fan de muntstikken hieten: healtsjes, sinten, botsens, stuorren, dûbeltsjes, kwartsjes, heale gounen, gounen, ryksdaalders en t(s)ientsjes. Alle munten wienen roun, behalven it fjouwerkante stuorke mei roune hoeken. In munt hie sa’n bytsje de wearde dy’t it oan eigen materiaal wurdich wie. It healtsje, de sint en de botsen wienen dêrom fan brûns makke, it tsientsje fan goud en de oare munten fan sulver. By it slaan fan de muntstikken waard it gehalte oan edelmetaal sa keazen dat it akkordearre mei de wearde. Fan ynflaasje wie foar 1940 net faak sprake, dat de saneamde gouden standert koe lang stabyl bliuwe, dat ek de wearde fan it jild. Yn de krisistiid fan de tritiger jierren fan de 20e iuw joech dat lykwols oanlieding ta ferheftige striid oer monetêr-ekonomyske opfettings en praktiken.

Om prizen fan guod oan te jaan waarden, foaral foar de oarloch ek noch oare muntwearden, mjitten en wichten brûkt. Der waard net sein: twa kwartsjes en alhiel net fyftich sinten, mar tsien stuorren. Dat kaam sa om't eartiids net de gûne of de sint, mar de stoer brûkt waard as ienheid fan jild en beteljen.

stoater - 12½ sint

skelling- 30 sinten

daalder - 1½ goune


jellen - 68,8 cm

roede(1)- 4 meter

roede(2)- 16 m²


poun - ½ kilo

ouns - 100 gram


Ierappels, bygelyks, waarden net by it gewicht (de kilo of it poun) ferkoft mar by in ynhâldsmjitte, sa as by de mudde (100 liter=±70 kg), de koer (50 liter) of de fiifkop (5 liter).

Foarbyld fan in petear by de grienteman

bewurkje seksje

‘Wat dogge de noardelingen op dit stuit, Hylkema?’
‘Trije stuorren de fiifkop, frou. En in ryksdaalder de mudde.’
‘Dat is slim oan ‘e priis. Ferline jier koe ik de fiifkop noch mei in stoater ta’
‘Wy hawwe in strieminne simmer hân. Dan krije jo dat’