Aldebaran

Aldebaran (alpha Tauri) is de helderste Stjer yn it stjerrebeeld Bolle (Taurus).

Fergeliking yn grutte tusken Aldebaran en de Sinne

De stjer stiet ek bekend as Cor Tauri en Parilicium en is in reade reus. Hy waard eartiids sjoen as it reade each fan de woaste bolle. Aldebaran makke diel út fan de Hyadengroep en stiet ek fisueel noch yn de stjerreheap Hyaden.
Oer ûngefear twa miljoen jier komt de romtesonde Pioneer 10 oan by de stjer Aldebaran.

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes: