Alderheljentsjerke (Minsk)

De Alderheljentsjerke (Wyt-Russysk: Царква Ўсіх Святых) is in tsjerkemonumint yn Minsk, Wyt-Ruslân. De tsjerke waard as nasjonaal monumint boud ta neitins fan alle ûnskuldige boargers en soldaten, dy't ferstoaren foar it heitelân by de ynfal fan Napoleon yn 1812 en de twa wrâldkrigen yn de 20e iuw. De tsjerke falt ûnder it aartsbisdom Minsk-Slûtsk fan it Wyt-Russyske eksargaat fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke yn Wyt-Ruslân. De betinkingstsjerke is ynklusyf it krús 74 meter heech en hat in kapasiteit fan 1.200 minsken.

Alderheljentsjerke
Lokaasje
lân Wyt-Ruslân
plak Minsk
adres Ul. Kalinovski, 121
koördinaten 53° 56' N, 27° 39' E
Tsjerklike gegevens
patriarchaat Moskou
eparchy Minsk
Arsjitektuer
arsjitekt Lev Pogorelov
sloopjier 2006—2008
Webside
Hiemside tsjerke
Kaart
Alderheljentsjerke (Minsk)
Alderheljentsjerke

De Moskouske patriarch Aleksi II lei op 4 juny 1991 de earste stien foar de tsjerke. Metropolyt Filaret fan Minsk lei tegearre mei presidint Aleksandr Lûkasjenko en mear hege fertsjintwurdigers, yn 1996, yn it fûnemint fan it noch te bouwen monumint in kapsule mei in betinkingsbrief oan it neiteam.

Yn 2005 krige it projekt fan it "Tsjerkemonumint ta eare fan alle hilligen en ta neitins fan de ûnskuldigen fermoarde yn it heitelân" offisjele goedkarring. De bou fan de tsjerke sette yn de simmer 2006 útein. Yn de hjerst fan dat jier wie de wijing fan de klokken, dy't Aleksandr Lûkasjenko bywenne.

Op 2 oktober 2008 waarden de koepels yn oanwêzigens fan ferstjintwurdigers fan de Tsjerke nei de wijing omheech takele en op de tsjerke set.

Yn de krypte fan de betinkingstsjerke waarden op 2 july 2010 mei alle tsjerklike en militêre eare trije stoflike oerskotten begroeven fan ûnbekende soldaten, dy't yn ien fan de trije grutte oarloggen by de ferdigening fan it lân it libben lieten.

Yn 2012 waard ek in betinkingskplak stifte foar de slachtoffers fan de oanslach yn de metro fan Minsk op 11 april 2011, wêrby't 15 minsken omkamen en 204 ferwûne rekken.

De tsjerke waard op 14 oktober 2018 ynwijd troch patriarch Kirill.

Njonken de Alderheljentsjerke stiet in lytsere houten Trije-ienheidstsjerke.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russyske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Всехсвятская церковь (Минск)