Aleksandra fan Oldenburg
Aleksandra Petrovna fan Ruslân (Russysk: Алекса́ндра Петро́вна Ольденбургская, berne as hertoginne Aleksandra Frederika Wilhelmina fan Oldenburg; 2 juny 1838 – 25 april 1900) wie de frou fan grutfoarst Nikolaas Nikolavitsj fan Ruslân.
Aleksandra fan Oldenburg | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Russyske | |
berne | 2 juny 1838 | |
berteplak | Sint-Petersburch | |
stoarn | 25 april 1900 | |
stjerplak | Kiëv |
Libben
bewurkje seksjeHja wie de âldste dochter fan Peter fan Oldenburg en syn frou Theresia fan Nassau-Weilburg en waard grutbrocht yn Ruslân. Har heit wie in neef fan tsaar Nikolaas I fan Ruslân. Har âlders soargen foar in goede oplieding en trunen har oan om har yn te setten foar minsken yn need.
Hja boaske yn 1856 grutfoarst Nikolaas Nikolajevitsj, de tredde soan fan tsaar Nikolaas I Aleksandra, dy't luthersk grutbrocht wie, naam doe it otterdokske leauwe oan en krige de namme grutfoarstinne Aleksandra Petrovna fan Ruslân. Tegearre krigen hja twa bern, mar it arranzjearre houlik wie net goed. Aleksandra hold fan ienfâld en wie serieus fan karakter; hja wie boppedat in tige leauwich minske en die in soad oan woldiedigens. Se stifte bygelyks in opliedingsynstitút foar ferpleegstsers yn 1865 yn Sint-Petersburch. Har man lykwols lei it oan mei in oar frommis, de ballerina Jekaterina Gavrilovna Tsjislova, en stifte by dat minske in twadde hûshâlding, dêr't er fiif bern by krige.
Nei't it rûnom bekend waard dat har man in hûshâlding by in oar hie waard Aleksandra troch har man ferballe. It houlik waard lykwol nea offisjeel ûntbûn om't Aleksandra dêr net oan mei wurkje woe. By in ûngelok rekke Aleksandra ferwûne en fanôf 1880 wenne se yn it bûtenlân om te herstellen. Aleksandra hie de sympaty fan it hôf en har man hope dat er gau widner wurde soe, sadat er krekt lykas syn heit, nei't dy syn frou ferstoarn wie, syn maitresse boaskje koe. Mar it rûn oars. Aleksandra waard better, koe har wer frij bewege en sette har ynearsten yn it Mariïnsky-slot yn Kiëv nei wenjen. Se stifte dêr it Pokrovsky-kleaster, in troch nonnen laat sûnenskompleks foar it ferpleegjen fan earme minsken, dêr't se har hiele fermogen oan joech. De rest fan har libben wenne se dêr en holp se mei yn de soarch fan de pasjinten.
Doe't har man yn 1891 ferstoar wegere se de begraffenis te regeljen en by te wenjen. Nei syn dea fan har man waard se sels non en krige se de kleasternamme Anastasia. Hja ferstoar op 25 april 1900 oan de gefolgen fan kanker yn it kleaster en waard dêr begroeven. Op de dei fan de begraffenis wennen tsaar Nikolaas II en syn frou Aleksandra Feodorovna in betinkingstsinst yn it Moskouse kremlyn by. Har omskot waard yn de jierren 1950 opgroeven en op it Lûkjanivska-tsjerkhôf op 'e nij begroeven. Yn 2009 krige se har lêste rêstplak yn de tún fan de Sint-Nikolaaskatedraal fan it troch har stifte kleaster.
Aleksandra Petrovna waard troch de Hillige Synoade fan de Oekraynsk-Otterdokske Tsjerke op 24 novimber 2009 hillich ferklearre as de lokaal fereare grutfoarstinne Anastasia fan Kiëv. Hja is de beskermhillige fan alle skieden manju en froulju.
Neiteam
bewurkje seksjeUt har houlik mei Nikolaas Nikolavitsj waarden twa soannen berne:
- Nikolaas Niklajevitsj fan Ruslân de jongere (1856–1929)
- grutfoarst Peter Nikolajevitsj fan Ruslân (1864–1931).
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aleksandra Petrovna fan Wikimedia Commons. |