Aleksej Bogoljûbov
Aleksej Petrovitsj Bogoljûbov (Russysk: Алексей Петрович Боголюбов; ûnder Veliki Novgorod, 16 maart 1824 – Parys, 3 febrewaris 1896) wie in Russysk keunstskilder fan meast lânskippen en seegesichten. Bogoljûbovs wurk wurdt rekkene ta it realisme en de Romantyk.
Aleksej Bogoljûbov | ||
keunstner | ||
Ilja Repin:Portret fan Aleksej Bogoljûbov, 1882 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Russysk | |
berne | 16 maart 1824 | |
berteplak | Veliki Novgorod | |
stoarn | 3 febrewaris 1896 | |
stjerplak | Parys | |
wurkpaad | ||
streaming | Realisme, romantyk |
Biografy
bewurkje seksjeBogoljûbov wie in pakesizzer fan de ferneamde Russyske filosoof en skriuwer Aleksander Radistjev. Hy krige in militêre oplieding en tsjinne ynearsten in skoft by de marine. Yn 1949 sette er lykwols út ein mei in stúdzje oan de keunsthegeskoalle fan Sint-Petersburch, dêr't er ûnderrjochte waard troch Maksim Vorovief en ûnder ynfloed kaam fan Ivan Aivazovsky. Fan 1853 ôf oan wijde er him hielendal oan it skilderjen.
Yn 1854 reiszge er nei Europa en krige er kunde oan foaroansteande skilders lykas Aleksandr Ivanov en naam er les by Andreas Achenbach. Yn Parys rekke er ûnder de yndruk fan de Skoalle fan Barbizon en waard er in freon fan Camille Corot en Charles-François Daubigny.
Yn 1860 gie Bogoljûbov werom nei Ruslân en reizge er troch de Wolga-regio. Yn 1870 sleat er him oan by de keunstnersgroep De Swalkers en yn 1871 waard er learaar oan de Russyske keunstakademy. Twa jier letter, yn 1873, ferfear er lykwols wer nei Parys, dêr't er yn 1896 weirekke.
Wurk (karút)
bewurkje seksje-
Sint Petersburg by sinne-ûndergong, om 1850
-
Skipbrek, 1850
-
Smolny, 1852
-
Slach by Athos (1807), 1853
-
Sinne-ûndergong, 1856
-
Haven fan Antwerpen, 1854
-
Sicht op Moskou, 1878
-
Michael-kastiel Sint-Petersburch, om 1880
-
Winter yn Borisgleb
Keppelingen om utens
bewurkje seksje- (ru) Biografy Bogoljûbov