Aleksej Mûsin-Pûsjkin

(Trochferwiisd fan Aleksej Moesin-Poesjkin)

Aleksej Ivanovitsj Mûsin-Pûsjkin (Russysk: Алексей Иванович Мусин-Пушкин) (Moskou, 27 july 1744Sint-Petersburg, 13 febrewaris 1817) wie in Russysk steatsman, histoarikus en keunstsamler. Fan 1791 oant 1797 wie er opperprokureur fan de Hilligste Regearjende Synoade. Yn 1797 krige er de titel fan greve.

Greve Mûsjin-Pûsjkin, 1794
Skilder: Johann Baptist von Lampi

Mûsin-Pûsjkin waard yn it foarste plak bekend as de ûntdekker fan in tal Aldrussyske teksten, benammentlik it 'Igorliet' (12e iuw), de 'Nestorkronyk' (tolfde iuw), de 'Laurentiuskroniken' (rinnend fan 898 oant 1294) en de âldste ferzjes fan de Zadonsjtsjina ('It gebiet foarby de Don-rivier', 14e iuw). Moesin-Poesjkin die syn wichtichste manuskripten op yn 1793 fia in gesant dy't him in bondel âlde hânskriften ferkocht. Syn hiele bibleteek, mei ûnder oaren it orzjinele manuskript fan it Igorliet, gie ferlern yn de brân fan Moskou (1812) ûnder de Russyske fjildtocht fan Napoleon.

Keppeling om utens

bewurkje seksje