Alexander Lippisch
Dr. Alexander Lippisch (München, 2 novimber 1894 - Cedar Rapids, Iowa, 11 febrewaris 1976) wie in Dútske pionier op it mêd fan aerodinamika en fleantúchbouwer.
Karriêre yn Dútslân
bewurkje seksjeLippisch siet yn in grut tal projekten dy't in grutte stap foarút betsjutten yn de ûntjouwing fan de loftfeart. Tal fan fynsten fan him en syn teem binne no noch werom te finen yn nije ûntwerpen. Hy wie in grut foarstanner fan it fleantúch sûnder sturt. Hast al syn ûntwerpen yn de Twadde Wrâldkriich hiene dy konfiguraasje. Dat joech wolris skeel mei oare fleantúchbouwers mei harren eigen ideeën oer de tastellen dy't hja ûntwikkelje woene.
Lippisch hat by ferskate fleantúchbouwers oan it wurk west, mar hie it measte súkses by Messerschmitt. Hy wie dêr de ûntwerper fan de earste brûkbere troch in raketmotor oandreaune fleanmasine, de Messerschmitt Me 163. Yn de fjouwer jier dat er dêr arbeide wie er ek ferantwurdlik foar in grut tal oare projekten foar ferskaat oan doelen.
Nei syn tiid by Messerschmitt waard er haad fan de “Luftfahrtforschungsanstalt” (Loftfeart ûndersyksynstitút) yn Wenen. Dêr lei er him ta op it ûntwerpen fan nije fleugelfoarmen en nije oandriuwingsmetoades. Hy hie dêrmei ein jierren tweintich en jierren tritich ek al foar grutte feroarings soarge: hy betocht de deltafleugel en de fleanende fleugel, en die letter ûndersyk nei de ramjet-motor en it brûken fan fêste brânstof.
Projekten oant 1945
bewurkje seksje-
RRG Raketen-Ente (1928)
-
Model fan de DFS 39
-
Model fan DM1 (rj) en Li P.13a
-
Messerschmitt Me 163B