Alexandra Terlouw-Van Hulst

(Trochwiisd fan Alexandra van Hulst)

Alexandra Terlouw-Van Hulst (Amsterdam, 19 febrewaris 1935Twello, 23 augustus 2017) wie in Nederlânsk skriuwster en oersetster. Se wie de oarehelte fan skriuwer en politikus Jan Terlouw en de mem fan skriuwster Sanne Terlouw.

Alexandra Terlouw-Van Hulst
Livro preto.svg skriuwer
Jan Terlouw en de frou by de stimbus, 1982
Jan Terlouw en de frou by de stimbus, 1982
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym gjin
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 19 febrewaris 1935
berteplak Amsterdam
stoarn 23 augustus 2017
stjerplak Twello
wurk
taal Nederlânsk
útjouwer De Kring
prizen Sulveren Griffel 1976
jierren aktyf 1976, 2013 - 2017
offisjele webside
Profyl yn de DBNL

WurkpaadBewurkje

Doe't hja natuerkunde studearre moete Alexandra van Hulst har lettere man Jan Terlouw. Nei't se mei de natuerkundestúdzje opholden wie, studearre se algemiene taalwittenskippen. Se hie in protte ynfloed op it begjin fan de skriuwerskarriêre fan har man troch syn earste wurk nei in útjouwer te stjoeren. Letter holp se by it skriuwen mei korreksjewurk.

Frou Terlouw fertaalde yn 1976 twa boeken fan de Amerikaanske skriuwster Lynn Hall: Sticks and Stones (oerset as Maak me niet kapot) en The Siege Of Silent Henry (oerset as De belegering van stille Sijmen).[1] Maak me niet kapot behelle de Zilveren Griffel yn 1976.[2]

Op hegere leeftyd begûn se sels boeken te skriuwen. Har earste boek wie De man van Tsinegolde, útjûn yn 2013 troch útjouwerij De Kring. Dit boek beskriuwt de Twadde Wrâldoarloch sjoen troch de eagen fan in jong famke dat har almar mear bewust wurdt fan it barren om har hinne. It boek is foar in part basearre op eigen ûnderfinings fan Alexandra.[3] Har twadde boek, Eén vrouw, twee mannen, kaam út yn 2014 en bekriuwt in trijehoeksferhâlding, dêr't de titel nei ferwiist.[4]

BibliografyBewurkje

  • 2013 - De man van Tsinegolde
  • 2014 - Eén vrouw, twee mannen

Boarnen, noaten en referinsjesBewurkje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. DBNL.nl - Alexandra Terlouw - van Hulst
  2. Letterkundich museum.nl
  3. Uitgeverij De Kring - De man van Tsinegolde
  4. Uitgeverij De Kring - Eén vrouw, twee mannen