Alexia fan de Nederlannen
Alexia fan de Nederlannen (De Haach, 26 juny 2005), folút Alexia Juliana Marcela Laurentien van Oranje-Nassau, is de twadde dochter fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima. Prinses Alexia is lid fan it Nederlânske keningshûs en twadde yn de line fan opfolging fan de Nederlânske troan.
Dit artikel is in stobbe oer biografy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Biografy
bewurkje seksjeBerte
bewurkje seksjePrinsesse Alexia waard snein 26 juny 2005 om 14.41 oere berne yn it Bronovo-sikehûs yn De Haach. Tiisdei 28 juny, yn it âlde stêdhûs fan De Haach, joech har heit har berte oan by de boargerlike stân, yn de persoan fan boargemaster Wim Deetman.
Sy waard op 19 novimber 2005 yn de Doarpstsjerke fan Wassenaar doopt mei wetter út de rivier de Jordaan.
Nammen
bewurkje seksjePrinsesse Alexia is op de neikommende wize ferneamd:
- Alexia nei har heit Alex, op fersyk fan har mem;
- Juliana nei har oarrebeppe keninginne Juliana;
- Marcela nei de leavemuoike fan har mem Máxima;
- Laurentien nei har muoike Prinsesse Laurentien frou fan har omke Prins Constantijn.
Titel
bewurkje seksjeHar persoanlike titel is Prinsesse.