Alfred Radcliffe-Brown
Alfred Reginald Radcliffe-Brown (Birmingham, 17 jannewaris 1881 - Londen, 24 oktober 1955) wie in Ingelske sosjaal antropolooch. Hy hat de teory fan strukturele funksjonalisme ûntwikkele, dizze teory beskriuwt de basiskonsepten fan de sosjale struktueren fan beskavingen.
Biografy
bewurkje seksjeNei in stúdzje op it Trinity kolleezje yn Cambridge, reizget Radckliffe-Brown nei de Andamanen en hy giet nei it westen fan Austraalje. Hy docht dêr antropologysk fjildwurk. Dizze reizen ynspirearren him om de boeken The Andaman Islanders (1922) en The Social Organization of Australian Tribes (1930) te skriuwen.
Yn 1920 ferhuzet Radcliffe-Brown nei Cape Town, dêr waard hy professor yn de sosjale antropology. Hy hat dêr de skoalle mei de namme School of African Life oprjochte. Letter is er ek noch professor wurden op de universiteiten fan Sydney, Chicago en Oksford. In ferneamde studint fan Radcliffe-Brown wie Fred Eggan.
Syn wurk
bewurkje seksjeRadcliffe-Brown hat in hiele soad konsepten makke foar de etnografy. Hy woe it net tajaan, mar minsken assosjearje him my it funksjonalisme. Malinowksi wie dejinge dy’t it fjildwurk foar de antropology betocht hat, Radcliffe-Brown hat de teory der efter ûntwikkele.
Ratcliffe-Brown hat ek in soad skreaun oer it antropologyske idee fan sibskip en hie dan ek krityk op Claude Lévi-Strauss syn teory fan bûnskippen.
Radcliffe-Brown hat yn de rin fan de jierren in soad krityk krigen om it feit dat hy sa'n bytsje rekken hâlde mei de feroaringen dy’t beskavingen ûndergean as koloanje. Hy joech hjir net folle krityk op en dat wylst hy wol seach dat dit net goed wie. Men tinkt dat hy freonen yn eigen lân hâlde woe. Dôchs wurdt hy tegearre mei Bronilslaw Malinowski sjoen as de heit fan de antropology.
Publikaasjes
bewurkje seksjeRadcliffe-Brown hat ferskillende boeken en artikels skreaun. Hjir folgend in lytse seleksje:
- 1922, The Andaman Islanders.
- 1931, Social Organization of Australian Tribes.
- 1940, On Joking Relationships: Africa: Journal of the International African Institute, Vol. 13, No. 3 (Jul., 1940), pp. 195-210 doi:10.2307/1156093
- 1952, Structure and Function in Primitive Society: Nei syn dea
- 1957, A Natural Science of Society: basearre op syn lessen dy’t hy joech nei syn dea. Dit boek is dan ek skreaun troch syn studinten en útbrocht nei syn dea.