Alfred Vail
Alfred Vail (Morristown (Nij Jersey), 25 septimber 1807 - Morristown (Nij Jersey), 19 jannewaris 1859) wie yngenieur en útfiner. Vail wie de technyske partner fan Samuel Morse by it ûntwikkeljen fan in elektromagnetyske tillegraaf.
Morse
bewurkje seksjeVail studearre yn 1836 ôf oan de Universiteit fan de stêd New York. Nei in demonstraasje troch Morse op de universiteit op 2 septimber 1837 gie Vail mei Morse yn saken. Betingst dêrby wie dat Vail op syn eigen kosten in telegraaf bouwe soe. Dy telegraaf wie net itselde as dy fan Morse: in opfallende oanpassing wie de ferfanging fan de Morsekoade troch Vail syn Morse-alfabet, mar feitlikens waard alles wat Morse optocht hie ferfongen troch nije, bettere systemen fan Vail. Op 6 jannewaris 1838 waard Vail syn telegraaf demonstrearre.
Letter libben
bewurkje seksjeOp 23 july 1839 boaske Alfred mei Jane Elizabeth Cummings. Se hienen trije jonges. Underwilens hie Morse súkses mei de telegraaf, en waard 23 maaie 1844 de telegraafline fan Washington nei Baltimore iepene mei it berjocht "What hath God wrought!" stjoerd troch Morse fan Washington út nei Vail yn Baltimore. Op 10 juny 1852 ferstoar Vail syn frou, en hy wertroude 17 desimber 1855 mei Amanda Eno. Vail ferstoar 19 jannewaris 1859 yn Morristown, lykas safolle útfiners as in earm man.
Utfiner fan it morse-alfabet
bewurkje seksjeVail, en oaren dy't in kontrakt mei Morse sletten hienen, waarden dêryn ferplichte altiten alle ear oan Morse te jaan. Nei Vail syn ferstjerren fjochtet Amanda derfoar dat Vail as de útfiner fan it morse-alfabet beskôge wurde soe. Dêr tsjin soe sprekke dat Vail yn 1845 yn in pamflet mei de titel "The American Electro Magnetic Telegraph" optekene: "It alfabet fan punten, linen en spaasjes is optekene oan board fan de frachtboat Sully, troch perf. Morse." Der is lykwols gjin grûn om oan te nimmen dat dit wat oars is as wat it kontrakt mei Morse fan Vail easke.