Alice Blom
Alice Blom (Aldeskild, 7 april 1980) is in Nederlânske follybalster.
Alice Blom | ||
sporter | ||
Alice Blom | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | 7 april 1980 | |
berteplak | Aldeskild | |
lingte | 1,78 m | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Follybal | |
wichtige prestaasjes | ||
World Grand Prix 2007
EK 2009 |
Blom is opgroeid op Teksel. As 8-jierrich famke begûn se mei it follybal. Neidat se by Bosta/The Smash spile hie, makke se at se 17 jier is har debút yn de A-League by VC Snits. Nei trije seizoenen waard Blom nei Oldenzaal helle. By Pollux pakte se yn fjouwer jier seizoenen trije titels. Yn it seizoen 2001-2002 waard Blom ferkeazen ta bêste spilster fan de kompetysje.
Bûtenlân
bewurkje seksjeYn 2003 kaam de oerstap nei it bûtenlân. Earst twa jier yn Dútslân, in jier Ulm en in jier Münster. By de lêste waard de Dútske titel helle. Yn 2005 spile Blom in jier foar Busto Arsizio yn Itaalje, om dêrnei foar twa jier werom te kommen nei Nederlân. By Martinus yn Amstelveen waarden alle froulju fan it Nederlânsk frouljusteam ûnderbrocht. Under lieding fan Avital Selinger waard der tige hurd trend om de Olympyske Spullen fan 2008 yn Peking helje te kinnen. It seach der earst nei út dat de froulju dat wol helje soene. Yn 2007 waard it grutte World Grand Prix wûn, mar it haaddoel, de Spullen, waard net helle.
It team foel doe útelkoar en Blom kaam foar ien jier werom nei Itaalje. By Villa Cortese waard it kampioenskip fan de A2 pakt.
Yn 2009 gie Blom nei sportferiening Fenerbahçe út Turkije, dêr't se mei har ploech tige súksesfol wie. Yn april waard de beker wûn. Yn maaie waard Blom winner fan it Turksk kampioenskip. De finale fan de Champions League waard mar krekt ferlern. Yn in spannende finale kaam Fenerbahçe werom fan in 2-0 efterstân. Yn de fiifde en beslissende set luts it Bergamo út Itaalje oan it langste ein. Fan it seizoen 2010-2011 ôf spilet se by Iqtisadci University yn Azerbeidzjan. Yn de simmer fan 2012 hold Blom in lang skoft. Jannewaris 2016 waard Schweriner SChar tredde ploech yn Dútslân.
Oranje
bewurkje seksjeOp 15 novimber 2010 spile Blom mar leafst 276 wedstriden foar de Nederlânske ploech. Yn 2009 pakte Blom mei Oranje it twadde plak op it Europeesk Kampioenskip yn Poalen. Op it stuit wurket Blom mei it Nederlânsk team nei de Olympyske Simmerspullen fan 2012 yn Londen.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |