In Alsgemme is in lytse glêzen talisman, mei almeast trije minsklike figuerkes der yn ôfbylde. Der binne lykwols ek alsgemmen mei twa, en sels ek mei ien as fjouwer minskjes. De gemmen binne makke fan twa lagen kleurd glês, ien ljocht en ien donker. De kleuren binne meastal grien of blau.

Dizze talismans hienen oarspronklik in heidenske magyske betsjutting; nei gedachten moast de gemme de drager de sege yn de striid jaan. Letter waarden hja kerstene en dêrom makken hja faak diel út fan in tsjerkeskat.

De earste fan dy gemmen is weromfûn op Als. De oarsprong fan de alsgemmen leit lykwols yn it noarden fan Nederlân, yn it gebiet fan de Friezen. Se waarden foaral makke yn de Midsiuwen tusken de 7e iuw en 10e iuw en fan it noardwesten út binne se ferspraat oer Jeropa. Dy is fûn yn de omkriten fan Kleaster Klaarkamp, yn 2009, 24 karaat mei in gouden râne.

Yn Fryslân binne ûnderwilens sa'n tweintich stiks bekend, yn ferliking mei de omlizzende lânnen is dat in soad. [1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. E. Kramer yn de Frije Fries (2001), side 130.

  • D.P. Blok, De Franken in Nederland, Haarlem, 1979, side 65.