De altklarinet is in legere fariant fan de klarinet en wurdt inkeldris by fersin ek bassethoarn neamd.

Altklarinet bis C, deutsches System

De altklarinet wurdt in transponearjend ynstrumint neamd en stiet stimd yn Es, wat betsjut dat in Es klinkt op de piano as it ynstrumint in C spilet en is dêrmei in kwint leger as de gewoane Bes-klarinet. De altklarinet bestiet út 4 of 5 stikken (al nei geraden it merk). Hy hat altyd in kromme metalen hals mei dêrop in mûlestik en hat in kromme metalen beker (fernikkele of fersilvere) dy't omheech stiet. It middenstik kin út ien of twa stikken bestean. De goedkeapere altklarinetten fan Amerikaanske merken, lykas Selmer Bundy, binne fan keunststof, ek wol resonite neamd. De djoerdere, meast Frânske merken, lykas Noblet, Buffet Crampon en Selmer Paris, meitsje houten altklarinetten, dêr't it middenstik fan meastentiids út twa stikken bestiet.

De altklarinet wurdt brûkt yn klarinetensembles en yn harmony-orkesten. De measte altklarinettisten yn in harmony spylje neist de altklarinet meast ek in besklarinet of basklarinet, omdat foaral âdere muzyk gjin altklarinet-partijen hat.