Ali ibn Abi Talyb

(Trochferwiisd fan Aly ibn Abû Talyb)

Ali ibn Abi Talyb (Arabysk: علي ابن أبي طالب) (Mekka, 15 septimber 601Kûfa (Irak) 29 jannewaris 661), wie de neef fan de profeet Mohammed, troud mei dy syn dochter en waard de fjirde kalyf (656). Hy waard twongen de opstannige Omajjadyske gûverneur fan Syrje Mû'awijja te bestriden, dy't him syn erkenning as kalyf ûntholde en dêr't hy hieltyd mear terrein oan priis jouwe moast. Foar de sjiïten jildt hy ek as de earste imaam. Yn de islam stiet hy bekend om syn moed en heldhaftichheid. Hy wie de earste jongere dy't moslim waard en ferbleau ferfolgens, foar de emigraasje ticht by Mohammed. Syn beneaming as kalyf wie hiel ûngelokkich yn in tiidrek fan politike ynstabiliteit, de ûmma, dy't folge op de moard fan syn foargonger Utman. Ali wie de lêste kalyf dy't rekkene wurdt ta de 'Fjouwer Rjochtlate Kaliven' en jildt as ien fan de skriuwers dy't de iepenbierings fan de profeet optekene foar de koran.

Ofbylding mei Ali

Binnen de islam binne opfettings dat hy de ienige minsk wêze soe dy't ea yn de Ka'aba yn Mekka berne is. Syn heit, Abû Talib, wie in omke fan Mohammed. Troch syn mem waard hy earst "Haydar" (liuw) neamd wêrnei syn heit Abu Talib syn namme feroare ta "Ali". Hy hie de bynamme "Gods liuw" (Asadullah) en "Abu Turab" oftewol "De heit fan de ierde".

 
De Imaam Alimoskee yn Najaf
 
De Blauwe moskee Mazar-e Sharif yn Afganistan

Ali waard troch Mohammed adoptearre en troch him grut brocht. Hy boaske mei Mohammed syn dochter Fatima. Hy hearde by de earste folgelingen fan de islam neidat Mohammed syn earste iepenbieringen krige. Doe't Mohammed ferstoar waard net Ali mar Abû Bakr ta nije geastlike lieder keazen fan de islam. Neffens de sjiïten ferklearre Abû Bakr dat Mohammed him koart foar syn dea as opfolger oanwiisde doe de famylje fan Mohammed dwaande wienen mei syn begraffenis; Mohammed hie neffens harren ûnder syn profeetskip meardere malen ferkleare dat syn skoansoan Ali him opfolge moast as geastlik lieder. Ali sels hat him altiten tsjin dizze bewearingen letterlik en figuerlik ferset en hieltyd de kaliven foar him (Abû Bakr, Omar en Utman) steund.

Abû Bakr waard nei syn dea earst opfolge troch Omar en ferfolgens Utman. Utman waard yn 656 fermoarde en soe opfolge wurde troch Ali dy't wol in direkte bloedbân mei Mohammed hie. De beneaming fan Ali waard lykwols tsjinwurke troch generaal Mû'awyah, de gûverneur fan Damaskus dy't ta de Omajjaden-clan hearde en in neef fan Utman wie. Troch Mû'awayah waard Ali beskuldige fan gearwurking mei de opstannelingen dy't Utman fermoarde hienen, en in ûnderlinge kriich brek út.

 
Moard Ali ibn Abi Talib
Skilder: Yousef Abdinejad

Dizze boargeroarloch late úteinlik ta de moard op Ali yn 661 yn de stad Koefa, wylst hy neffens oerleveringen noch oan it bidden wie. Neffens sommige sjiïten wie de moardner omkocht troch Mu'awiyah. Hy sloech Ali op syn plasse mei in fergiftige swurd. Ali soe dêrnei noch trije dagen libje, mar syn ferwûning waard him fataal. Ali waard troch syn soan Hassan opfolge dy't lykwols al gau ek wer ôftrede moast.

De measte sjiïten leauwe dat Ali begroeven leit yn Iraakse stêd Najaf, yn de Imaam Alimoskee dêr't Ali in mei goud beklaaid greve hat. Oaren leauwe dat er begraven is yn de Blauwe moskee fan Mazar-e Sharif yn Afganistan.

De soennityske en sjiïtyske islam hawwe elts harren eigen ynterpretaasjes fan it libbensferhaal fan Ali.