Ambarawa (Semerang)
Ambarawa is in stêd yn de provinsje Midden-Java yn Yndoneezje, op sa'n 50 km besuden Semarang. De stêd hat in ferneamd spoarmuseum.
Ambarawa | ||
Ambarawa (read) yn kabupaten Semarang | ||
Bestjoer | ||
Lân | Yndoneezje | |
Provinsje | Midden-Java | |
Regintskip (kabupaten) | Semerang | |
Boargemaster | Drs. Arief Budianto | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 58.767 (2012) | |
Oerflak | 28,22 km² | |
Befolkingsticht. | 2.082 / km² | |
Hichte | 481 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+7 | |
Offisjele webside | ||
[] |
Ambarawa wie yndertiid in doarp, tichteby Fort Willem I; it fort wie in grut legerkamp fan it KNYL. It kamp mei it spoar ferbûn mei Semarang en Jogjakarta. In part fan it lêste stik dêrfan wurdt noch mei it orizjine materieel beriden foar toeristen.
It spoar Kedungjati-Ambarawa waard offisjeel iepene op 21 maaie 1873, tagelyk mei it stasjon. De lêste line waard opheft yn 1976. It stasjon is sûnt de opheffing yn 1976 it spoarmuseum fan Yndoneezje.
Under de Twadde Wrâldkriich leine by Ambarawa twa jappekampen; Ambarawa 6 en Ambarawa 7. Dy wiene fral ornearre foar jongens boppe de 10 jier en âldere manlju. Teffens wiene der noch de kampen Ambarawa 8 en Ambarawa 9 bedoeld foar fral froulju en bern. Tichtby Ambarawa lei it kamp Banyubiru, dat fral as opfangkamp foar froulju en bern tsjinne tsjin de ein fan de Japanske besetting fan Ynje yn 1945.
Eartiids Ambawara
bewurkje seksje-
Fort Willem I
-
Sineeske wyk yn 1880
-
De wei nei Banjoebiroe yn Ambarawa
Berne yn Ambarawa
bewurkje seksje- Anton Colijn (1894), Nederlânsk berchbeklimmer
- Mauritz Christiaan Kokkelink (1913), milysje-adjudant-ûnderofsier fan it KNYL en Ridder in de Militêre Willems-Oarder.
- Tom Veen (1942-2014), Nederlânsk ûnderwizer en politikus
Stoarn yn Ambarawa
bewurkje seksje- Mattheus Teffer (1827 - 1907), sindeling en stifter fan it Diakonessehûs yn Ljouwert.
Keppelings om utens
bewurkje seksje(ned) Oer de konsintraasjekampen: