Ambo
In ambo (fan it Grykske άμβων, ambon, "opstap") is in kateder yn in tsjerkegebou. It is in stiennen of houten ferheging dêr't de skriftlêzings hâlden wurde. De ambo moat net betiizge wurde mei de preekstoel, dy't folle letter út de ambo ûntstie en ynearsten foar de preek ornearre wie.
Untwikkeling
bewurkje seksjeDe ambo wie yn de ier-kristlike tiid in mobyl kateder, dy't brûkt waard om fan dêrôf út de Hillige Skrift foar te lêzen. Yn de rin fan de tiid krige de ambo in fêst plak en yn de byzantynske en romaanske tiid wie it al in wichtich ûnderdiel fan de tsjerke.
Ut de ambo ûntstie yn de 13e iuw yn Itaalje de preekstoel en fan dy tiid ôf waard de ambo yn de westerske tsjerke oerstallich.
Yn de modernere tiid krige de ambo wer in plak op it alter; somtiden as oanfolling en somtiden ek as ferfanging fan de preekstoel. Yn guon tsjerken steane der op it folksalter twa ambo's: ien oan de súdlike kant foar de skriftlêzingen en ien oan de noardlike kant foar de lêzingen út de evangeeljes.
Njonken de protestantske en katolike tsjerken hawwe ek de easterske tsjerken in ambo. Oars as yn de westerske tsjerken is de ambo nea út de easterske tsjerken ferdwûn en hat dy altiten de funksje beholden.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Ambo fan de katolike St Joseph's Church, Beltsville yn de (Feriene Steaten)
-
Ambo Cattedrale della Resurrezione di Nostro Signore Gesù Cristo, Ravenna
-
Ambo Karmelitetsjerke, Würzburg
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ambos fan Wikimedia Commons. |