Amelte (lânguod)

lânguod

Lânguod Amelte is in lânguod by huzinge Vredeveld by de buorskip Amelte yn de gemeente Assen. Yn 1817 oankocht troch de gûverneur fan Drinte. Hy kocht ek twa hiemen yn Amelte en alle markegrûnen yn Amelte en Vredeveld. In grut diel dêrfan waard ûntgûn en beboske.

Nei de dea fan Hofstede yn 1839 waard it meastepart fan syn grûnbesit ferkocht. De persielen dy't letter it lânguod Amelte foarmje soenen, bleauwen ynearsten yn de famylje. Om 1880 hinne gie dat mear as 75 ha grutte gebiet, lizzend oan beide kanten fan de dyk nei Rolde en grinzjende oan de grienlannen oan it Deurzerdiep, oer yn oare hannen.

De hjoeddeiske Amelterbosk en de wenwyk Amelterhout hawwe net of amper wat mei Amelte te krijen en soenen earder in oan Vredeveld liearde beneaming hawwe moatte. Aldere skriuwwizen: Amelde, Ameld (útspraak: Amelt). Yn 1470: in Amelden Kampe, wat wiist op in persoansnamme. In oare opsje is Amelede, wêryn mei lede in wetterrin nei Assen wurdt. Ame of Aam soe dan de namme west hawwe fan it Deurzer- of Amerdiep, in soad foarkommende oantsjutting fan in beek of rivier. Dêrtroch is it fierder nei it suden lizzende Amen meti Amelte besibbe.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Ensyklopedy fan Drinte
  • R. Marring, Wonen en werken in Amelte (± 1600-1800), Asser Historisch Tijdschrift (1994) nr. 3;
  • M.Th. Krayer, Amelte als landgoed, Asser Historisch Tijdschrift (1994) nr. 3.