American Book Award
De American Book Award is in Amerikaanske literatuerpriis dy't op jierlikse basis útrikt wurdt oan in stikmannich auteurs foar in 'treflike literêre prestaasje', sûnder rekken te hâlden mei ras, sekse, etnisiteit of sjenre.
American Book Award | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
útrikt foar | treflike literêre prestaasje | |
útrikt troch | Before Columbus Foundation | |
frekwinsje | 1x jiers (meardere prizen) | |
ynsteld | 1978 | |
1e útrikking | 1980 | |
offisjele webside | ||
beforecolumbusfoundation.com |
De tawizing en útrikking fan 'e priis wurdt ferrjochte troch de Before Columbus Foundation. De American Book Award waard ynsteld yn 1978 en foar it earst útrikt yn 1980. Neffens de offisjele webside fan 'e priis binne der "gjin kategoryen, gjin nominearden, en sadwaande ek gjin ferliezers".
Under de skriuwers dy't de priis alris wûnen, binne Isabel Allende, James Welch, Miles Davis en Joy Harjo. Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |