De Amkamastins wie in eardere stins yn Berltsum yn de gemeente Menameradiel. It krekte plak is ûnbekend.

Amkamastins moat safier bekend boud wêze yn de 13 of 14e iuw, mar omdat de stins al yn de Midsiuwen ôfbrutsen is, is der net folle wis oer te sizzen. Nei oerlevering is de stins tusken 1369 en 1384 oankocht troch de abt fan kleaster Lidlum, Wibrandus II dy't it kocht út eigen middels en letter oan it kleaster skonken hat. Foardat Wibrandus abt waard, wie er pastoar yn Berltsum. De Amkamastins waard in úthof fan it kleaster Lidlum, mar de konversen dy't op de úthof sille de side fan de Fetkeapers keazen hawwe, want yn 1480 wurdt de stins troch mei de grûn lyk makke.

  • ± 1375 abt Wibrandus II
  • oant 1480 úthof kleaster Lidlum

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: