Ammianus Marsellinus

(Trochferwiisd fan Ammianus Marcellinus)

Ammianus Marcellinus (berne 325-330stoarn 391-400) wie in Romeinske skriuwer en skiedkundige fan Gryksk komôf. Hy wurdt sjoen as de lêste fan de grutte skiedkundigen út it Romeinske Ryk, in rige dêr't ek Tasitus en Suetonius by hearre. It wurk fan Ammianus behannelet it tiidrek fan de Romeinske skiednis oant en mei 378.

Ammianus waard berne yn Antiochje, yn in famylje fan begoedige boargers. Al betiid keas hy foar in libben yn it leger en besette dêr in hege posysje by de keizerlike garde. As ofsier die er mei oan de fjildtochten fan Julianus Apostata yn Itaalje, yn Galje en yn it Easten. En yn de jierren 361 oant 363 focht er mei tsjin de Allemannen en de Perzen.

Nei syn tsjinsttiid yn it leger fêstige hy him sa om-ende-by 390 foar altyd yn Rome en sette doe útein mei it skriuwen fan syn skiedniswurk. Dat die er yn de tiid fan keizer Theodosius I, nei it skrikbewâld fan Falentinianus I.

Ammianus wie in yntelliginte man. Hy hie as militêr in soad meimakke en wie tige objektyf yn syn beskriuwings fan wat der allegearre bard wie. Sa koed er him nei syn festiging yn Rome ûntwikkelje ta in treflik en betroud skiedkundige, dy't him tige bewust wie fan de hege easken dy't steld waarden oan útfiering fan syn taak.

Wy kinne fan Ammianus allinnich syn rige Rerum gestarum libri XXXI. Fan dat wurk bleaunen de lêste 18 boeken bewarre. Yn it wurk set hy op weardige wize, as de lêste grutte Romeinske skiednisferteller, it histoaryske wurk fan Tasitus foart, begjinnend mei de dea fan keizer Nerva yn 96 en einigjend mei dy fan keizer Falens yn 378.

Literêre betsjutting

bewurkje seksje

Ammianus Marcellinus joech yn syn boeken mear as allinich in opneamen fan feitlikheden oer de politike foarfallen út de skiednis. Hy beredenearre de wêzentlike wearden fan regearen en ynstellings, joech in psychologyske ferklearring fan de haadpersoanen en wreide bytiden út oer de tastân yn de wrâld en oer de gewoantes fan de folken dy't er yn syn militêre libbensrin meimakke hie. Syn wurk liket dêrtroch in soad op it wurk dat wy kinne fan Tasitus en hat deselfde bittere berêsting oer it ferrin fan de skiednis. It is fral like ûnpartidich en tsjûget fan in romme opfetting. Dêrtroch is it wurk fan Ammianus in betroude boarne foar it tiidrek dêr't hy oer skriuwt. It ienige minpunt fan syn wurk is de skriuwwize dy't er brûkte. Hy hat syn boeken skreaun op in wat tjustere en twongen wize. It sit fol mei Grykske formulearrings, wat derop wiist dat it Latyn net syn memmetaal wie.

Keppeling om utens

bewurkje seksje