Ammoania
Ammoania, ammoaniumhydrokside of salmiakgeast is in oplossing fan it gas ammoniak yn wetter mei de formule NH3(aq). Dy oplossing wurdt ek wol fertinne ammoniak neamd.
De oplossing is in net al te sterk tsjinsoer, dat gauris as middel foar it himmeljen yn it hûshâlden brûkt wurdt, sa as bygelyks foar it behanneljen fan âlde ferve, sa't der oer ferve wurde kin. It himmeljende wurkjen fan de oplossing komt om't âlde fervelagen bedutsen binne mei in lytse laach fetoanslach dat foar in part út fetsoeren bestiet. De fetsoeren losse op yn in tsjinsoere oplossing. Fettige stoffen dy't gjin fetsoer binne, losse dêrnei op yn de ûntstiene sjippe.
By it oplossen fan de ammoniak yn it wetter, bart de folgjende reaksje:
By dy reaksje stelt him in lykwicht yn. Yn ien molêr (1 M) oplossing sit mar 0,42% fan de ammoniakmolekulen in proton (H+) opnaam.