Amulet
In amulet is in foarwerp, almeast makke troch in sjamaan, dat droegen wurdt mei it doel it kwea op ôfstân te hâlden. De krêft fan an amulet is beheind, hy wurket net as eigner de amulet net op it lichem draacht.
De krêft fan it amulet is lytser as dy fan in talisman of dy fan in fetisj. Lykwols wurdt ek foar in lytse talisman of fetisj gauris it wurd amulet brûkt.
Amuletten komme fral foar by fetisjisme yn natoerreligys, mar ek yn oare godstsjinsten wurde, fral at se it meitsjen fan ôfbylden net tastean, faak amuletten mei hillige teksten droegen. Mar yn hast alle kultueren binne wol wensten om it ien of it oare foarwerp mei te nimmen tsjin it kwea.