Amy Johnson
Amy Johnson (Kingston upon Hull, 1 july 1903 – 5 jannewaris 1941) wie de earste frouljus piloat dy't allinnich fan Ingelân nei Austraalje fleach. Sy wie op dat stuit 26 jier.
Johnson har karriêre begûn yn 1928; sy wie teffens de earste frouljus grûnwurktúchkundige en krige erkenning fan it ministearje fan Loftfeart en de C.B.E.. Solo of mei har man, Jim Mollison, sette sy tal fan lange-ôfstânrekords mei fleanmasines yn de jierren 30.
Yn de Twadde Wrâldkriich fleach hja nije fleanmasines fan it fabryk nei de fleanbasis. Op 5 jannewaris 1941 rekke syn mei har Airspeed Oxford it paad bjuster en stoarte yn it estuarium fan de Teems. Sy waard noch libbend sjoen, mar rêding mislearre en har lichem rekke fuort.
Ferskaat
bewurkje seksje- Der is in McDonnell Douglas MD-11-tastel (registraasje PH-KCA) fan de KLM Amy Johnson ferneamd.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) BBC-side oer Amy Johnson har dea
- (in) RAF skiednisside oer Amy Johnson
- (in) Amy Johnson: Pioneer Aviator, artikel fan LaRue Scott
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Amy Johnson fan Wikimedia Commons. |