André Le Nôtre (Parys, 12 maart 1613 – dêre, 15 septimber 1700) wie in Frânsk tún- en lânskipsarsjitekt. Hy wie fan 1645 oant 1700 ferantwurdlik foar de tunen fan kening Loadewyk XIV benammen de tunen fan it kastiel fan Fersailles.

André Le Nôtre, skildere troch Carlo Maratta, om 1680
Búste fan André Le Nôtre yn de Tuileryen, Parys

Le Nôtre wie in soan fan Jean Le Nôtre, de túnarsjitekt fan Loadewyk XIII.

Yn 1656 moast er fanwege Nicolas Fouquet de tún fan it Kastiel fan Vaux-le-Vicomte de natuer ûntwerpe neffens de barokke Italjaanske styl. It slagge Le Nôtre om in harmonieus gehiel te meitsjen fan wetterpartijen, parterres, grotten en fonteinen. De tún wie minstens sa goed slagge as it kastiel. Doe't Loadewyk fan syn natuertalint hearde, helle er Le Nôtre mei de oare arsjitekten fuortendaliks nei Fersailles, dêr't er in persoanlike freon fan Loadewyk waard. Fouquet waard deis nei de iepening arrestearre om oars nea wer út de finzenis werom te kommen. Le Nôtres namme hie yn de 17e iuw ynternasjonaal klank en hy waard in protte frege foar grutte opdrachten.

Túnûntwerp

bewurkje seksje

De tunen fan Le Nôtre hawwe as skaaimerk in oerhearsking fan symmetry en regelmjittichheid, dy't paste yn de filosofy fan it absolutisme. Dizze styl is bekend as de Frânske tún. Alles, sels de natuer, wie ûnderwurpen oan de almacht fan de Foarst.

Yn 1664 krige er fan Colbert de opdracht om de Tuileryen op te kreazjen. Oare bekende tunen fan Le Nôtre binne dy fan de kastielen fan Chantilly, Saint-Germain-en-Laye, Saint-Cloud en Meudon. Ek it St. James's Park yn Londen waard troch him ûntwurpen.

 
Oranzjerie, Kastiel fan Versailles