Andreaskatedraal (Singapore)
De Sint-Andreaskatedraal (Ingelsk: Saint Andrew's Cathedral, Sineesk: 圣安德烈座堂; Pinyin: Shèng Āndéliè Zuòtáng) is in anglikaanske katedraal yn Singapore. De tsjerke is de grutste katedraal fan it lân en stiet tichteby de City Hall yn it Downtown Core yn it sintrum fan it sakedistrikt fan de stedssteat. Op it plak stiet al sûnt 1836 in tsjerke, mar de hjoeddeiske neogoatyske katedraal waard boud tusken 1856 en 1861.
Andreaskatedraal | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Singapore | |
adres | 11 St Andrew's Road | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Katedraal | |
boujier | 1856-1861 | |
arsjitekt | Ronald MacPherson | |
boustyl | Neogotyk | |
offisjele webside | ||
Side fan de katedraal |
Yn 1942 flak foar de Japanske besetting fan Singapore waard de katedraal brûkt as needsikehûs. De betinkingsromte foar dyjingen dy't ferstoaren yn de Twadde Wrâldkriich is in tafoeging út 1952.
De noardlike en súdlike dwersskippen fan de katedraal binne oarspronklik boud foar it reau fan it tsjerkefolk. Beide dwersskippen binne útwreide mei sealen en romten foar û.o. gearkomsten.
Yn 2003 waard der út ein set mei in grutte útwreiding, dy't de namme Cathedral New Sanctuary draacht. Om it monumintale oansjen fan de katedraal te behâlden fûn de bou foar in grut part ûnder de grûn plak. It nije hillichdom waard yn novimber 2005 foltôge.
De katedraal is sûnt 28 juny 1973 in nasjonaal monumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|