Ángelwetterfal

(Trochferwiisd fan Angelwetterfal)

De Ángelwetterfal (Spaansk: Salto Ángel, soms oantsjutten mei de ynlânske namme Kerepakupai merú) is de heechste frijfallende wetterfal fan de wrâld mei in hichte fan 979 meter. De wetterfal is neamd nei de "ûntdekker", Jimmie Angel.

Ángelwetterfal

Hy leit oan in sydrivier sûnder namme fan de Caroní yn it Nasjonaal park Canaima yn Fenezuëla. Dêr binne heechlizzende rotsplato's (tepui's), mei in bysûndere floara en fauna. De protte rein dy't yn de omkriten falt, siket syn paad nei de rânen fan de plato's troch ûnderierdske grotten.

Hoewol't earder yn de 20e iuw al sjoen troch ferkenner Ernesto de Santa Cruz waard it pas bekend yn de westerse wrâld nei de offisjele ûntdekking troch de Amerikaanske fleander Angel dy't mei syn fleantúch op 'e siik wie nei goud. Angel wie yn 1899 berne yn Springfield, Missoury.

De hichte fan de wetterfal waard yn 1949 fêststeld troch in ekspedysje fan de National Geographic Society. Ruth Robinson skreau dêroer it artikel Jungle Journey to the World's Highest Waterfall

Yn it boek Angels Four beskriuwt David Mott de earste súksesfolle beklimming fan Auyan-tepui ('Duvelsberch') nei de top fan de wetterfal. De wetterfal is Fenezuela's meast ferneamde toeristyske attraksje.

Keppeling om utens

bewurkje seksje