Aberdeen Angus
(Trochferwiisd fan Angus (ko))
De Aberdeen Angus is in koweras dat yn 1870 yn it easten fan Skotlân kweekt waard.
It ras waard fokt út kowerassen dy't foarkamen yn de Skotske greefskippen Aberdeenshire en Angus (de Angus doddies).
De hoarnbisten hawwe fan harsels gjin hoarnen en hawwe koarte poaten (skofthichte fan sa'n 130 sm). De measte kij binne folslein swart, mar der bestean ek reade farianten. It jaar kin wyt wêze. Benammen yn de Feriene Steaten is de Aberdeen Angus in populêre fleisko.
Keppeling om utens
bewurkje seksje
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Angus cattle fan Wikimedia Commons. |