Anna Marie Hendriks
Anna Marie Hendriks (It Hearrenfean, 29 juny 1987) is in wittenskiplik ûndersykster, trainer en earder model.
Groeide op yn Wolvegea dêr't se nei de Doarpsskoalle en it Linde Kollezzje gie. Mei har VWO-diploma ferhuze se yn de maitiid fan 2005 nei Maastricht dêr't se oan de universiteit sûnenswittenskippen studearre.
As Miss Fryslân waard se op 10 oktober 2004 yn Studio 21 fan it Mediapark yn Hilfertsom útroppen ta fise-Miss Nederlân. Yn de maitiid fan 2005 spile se mei de skriuwer en kommentator Jan Mulder, ûnder oare bekend fan it TV-programma Barend en Van Dorp, de haadrol yn in TV-commercial foar de Postbank. Ein 2005 wie Anna Marie reportergirl yn it krystnûmer fan it manljusblêd FHM.
Yn 2006 wie se te sjen yn TV-commercials fan Center Parcs (A state of happiness) en Lactacyd. Se rydt yn in nije promoasjewein fan Friesland Holland dêr't se yn Súd-Nederlân en Belgje mei nei fytswinkels en eveneminten ta gie om Fryslân as fakânsjebestimming foar it fuotljocht te bringen.
Die letter frijwilligerswurk, joech Ingelske kursussen, treningen, toeristyske promoasje en docht maatskiplik ûndersyk oan de Universiteit fan Maastricht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |