Anne Frank Stichting
De Anne Frank Stichting is in stichting dy't oarspronklik oprjochte is om it Anne Frankhûs te behâlden. De stichting set har ek yn tsjin antysemitisme en rasisme en jout om it jier de Monitor Rasisme en Ekstreem-rjochts út dêr't aktiviteiten fan hjoeddeiske rasisten yn bestudearre wurdt. Yn it bûtenlân fersoarget de Anne Frank Stichting útstallings en jout foarljochting oer Anne Frank.
De Anne Frank Stichting is oprjochte op 3 maaie 1957 om foar te kommen dat it hûs dêr't Anne Frank yn de oarloch ûnderdûkt siet, sloopt wurde soe. Yn 1960 waard it Anne Frank Hûs in museum. It is no ien fan de meast besochte museums fan Amsterdam.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Anne Frank House fan Wikimedia Commons. |