Anselme Gaëtan Desmarest
Anselme Gaëtan Desmarest (Parys, 6 maart 1784 – Maisons-Alfort, 4 juny 1838) wie in Frânsk biolooch, heechlearaar en publisist. Hy moat net betize wurde mei syn soan Anselme Sébastien Desmarest, dy't ek biolooch wie. Syn namme wurdt soms foutyf werjûn as 'A.G. Demarest', sûnder de s fan 'Des-'.
Anselme Gaëtan Desmarest | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anselme Gaëtan Desmarest | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 6 maart 1784 | |
berteplak | Parys (Frankryk) | |
stoarn | 4 juny 1838 | |
stjerplak | Maisons-Alfort (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | biolooch | |
aktyf as | soölooch, publisist | |
jierren aktyf | 1804 – 1838 |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeDesmarest waard yn 1784 berne yn Parys, as de soan fan 'e foaroansteande geolooch Nicolas Desmarest (1725-1815). Syn famylje kaam oarspronklik fan it plattelân fan it departemint Aube, yn sintraal Frankryk. Hy wie in learling fan 'e biologen Georges Cuvier en Alexandre Brongniart, en lei him benammen ta op 'e stúdzje nei sûchdieren en kreefteftigen. Hy beskreau withoefolle soarten bisten, wêrûnder de grutearfoks, de reade reuzekangoeroe en de pinsielsturtsliepmûs.
Yn 1815 folge Desmarest Pierre André Latreille op as heechlearaar soölogy oan it École Nationale Vétérinaire d'Alfort. Yn 1820 waard er keazen as lid fan 'e Académie Nationale de Médecine. Syn wichtichste publikaasjes binne Histoire Naturelle des Tangaras, des Manakins et des Todiers, út 1805, Considérations Générales sur la Classe des Crustacés, út 1825, en it Dictionnaire des Sciences Naturelles, dat er yn ferskate dielen tusken 1816 en 1830 útbrocht yn gearwurking mei André Marie Constant Duméril.
Desmarest kaam yn 1838 yn Maisons-Alfort, besuden Parys, te ferstjerren. Hy wie doe 54 jier âld. Syn soan Anselme Sébastien Desmarest trêde yn syn heite fuotleasten en waard ek in bekend biolooch.
Wurk (in kar)
bewurkje seksje- 1805 – Histoire Naturelle des Tangaras, des Manakins et des Todiers
- 1816-1830 – Dictionnaire des Sciences Naturelles (mei André Marie Constant Duméril)
- 1820 – Mammalogie ou Description des Espèces des Mammifères
- 1825 – Considérations Générales sur la Classe des Crustacés
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |