Anthony A. Hoekema
Anthony Andrew Hoekema (Drachten, 1913 - 17 oktober 1988) wie in kristlik teolooch dy't 21 jier professer yn de Systematyske teology wie oan it Calvin Theological Seminary.
Anthony A. Hoekema | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anthony Andrew Hoekema | |
berne | 1913 | |
berteplak | Drachten | |
stoarn | 17 oktober 1988 | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
aktyf as | heechlearaar systematyske teology |
Biografy
bewurkje seksjeHoekema emigrearre nei de Feriene Steaten yn 1923. Hy studearre op it Calvin Kolleezje (A.B.), de Universiteit fan Michigan (M.A.), it Calvin Theological Seminary (Th.B.) en it Princeton Theological Seminary (Th.D., 1953). Nei ferskate jierren grifformeard predikant west te hawwen (1944-56) waard er Associate Professor of Bible oan it Calvin-kolleezje (1956-58). Fan 1958 oant syn pinsjoen yn 1979, wie er heechlearaar Sysyematyske teology oan it Calvin Theological Seminary yn Grand Rapids, Michigan. Professer Hoekema bestege in sabbatical fan twa jier yn Cambridge, Ingelân (1965-66, 1973-74).[1]
Publikaasjes
bewurkje seksjeIt meast bekende wurk:
- The Four Major Cults: Christian Science, Jehovah's Witnesses, Mormonism, Seventh-Day Adventism (1963, ISBN 0-8028-0445-4)
- What about Tongue-Speaking? (1966)
- Holy Spirit Baptism (1972)
- Amillennialism (1977)
- The Bible and the Future (1979)
- Created in God's Image (1986)
- Saved by Grace (1989)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|