Antiparlemintarisme

Antiparlemintarisme kin omskreaun wurde as de politike opiny dy't him rjochtet tsjin de represintative, parlemintêre demokrasy.

De krityk tsjin dit systeem kin út ferskillende hoeken komme:

Sa is der it ferwyt dat de parlemintêre demokrasy gjin echte, suvere demokrasy is, want it folk regeart net echt. It folk kin allinnich om de safolle jier in beperkte kar meitsje oer wa't de folgjende jierren it lân regeare mei.

Mar guons binne ek anty-parlemintêr omdat se dêryn in tefolle oan demokrasy sjogge. Winliken is dit rjocht anty-parlemintarisme earder anty-demokratysk.