De Antje is in saneamd type RIB-rêdingboat fan de Keninklike Nederlânske Rêding Maatskippij (KNRM). De Antje-klasse is ûntwurpen om fan it strân ôf yn see brocht te wurden; it type krige lykwols te krijen mei in soad technyske mankeminten. Dêrom gie de fierdere ûntjouwing fan it type net troch. De trije boaten dy't al oanskaft wienen waarden yn brûklien jûn oan susterorganisaasjes op de Nederlânske Antillen, mar fanwege min ûnderhâld dêre binne twa weromhelle troch de KNRM: de Martijn Koenraad Hof en de Jacoba Elisabeth. De earstneamde is wilens wer taheakke oan de reservefloat fan de KNRM, de Jacoba Elisabeth is ferkocht oan it MRI yn Stonehaven.