Antoni

Jongesnamme

Antoni is in manlike foarnamme út it Poalsk en it Katalaansk, úteinlik fan Latynsk komôf.

De namme is ôflaat fan it Latynske Antonius. Dat hat de betsjutting fan "de Antoniër". De Antoniërs wienen in wichtige Romeinske sibbe dy't harsels beskreaunen as neiteam fan Anton, soan fan Herakles.

Yn it Frysk en Nederlânsk komt de namme ornaris foar as Anton of Tinus.