Antonio Gramsci
Antonio Gramsci (Ales, Sardynje, 22 jannewaris 1891 - Rome, 27 april 1937) wie in Italjaansk skriuwer, politikus en polityk teoretikus.
Gramsci wie mei-oprjochter en earste lieder fan de Kommunistyske Partij fan Itaalje (Partito Comunista Italiano, PCI). Troch syn teoryen oer de rol fan kultuer en liederskip yn de politike striid jildt er as in orizjinele en ynfloedrike tinker, sawol yn as bûten it marksistysk ramt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Antonio Gramsci fan Wikimedia Commons. |