Antonius fan Rome
Antonius fan Rome of Antonius de Romein (Russysk: Антоний Римлянин; Antoni Rimljanin; berne yn 1067 - ferstoarn op 3 augustus 1147) wie de stifter fan it Antoniev-kleaster yn Novgorod.
Antonius fan Rome | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
bertedatum | ± 1067 | |
berteplak | Rome | |
stjerdatum | 3 augustus 1147 | |
stjerplak | Novgorod | |
etnisiteit | Romeinsk | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Russyk-Otterdokske Tsjerke | |
hjeldei | 17 jannewaris, 3 augustus |
Hagiografy
bewurkje seksjeSûnt de de 16e iuw is der skreaun oer it libben fan Antonius. Neffens syn hagiografy waard Antonius berne yn Rome. Syn heit en mem wiene otterdoks en Antonius wie al yn 'e âldens fan 18 in wees. Doe ferdielde er syn besit ûnder de earmen. Hy wenne dêrnei yn it kleaster, mar doe't dêr in ferfolging fan de eastersk-otterdoksy begûn, ferliet er Rome om him oan de kust nei wenjen te setten. Dêr soe der ienris biddend op in rots stien ha, dy't by in stoarm ôfbriek en yn see foel. De stien sonk lykwols net en dreau op mirakuleuze wize yn trije dagen tiid nei Novgorod. In Grykske keapman fertelde dêr oan Antonius, dy't gjin Russysk prate, dat er yn Novogorod telâne kommen wie. Der waard in moeting regele mei biskop Nikita fan Novogorod, dy't him de tastimming joech in kleaster te bouwen op it plak dêr't de stien lanne wie.
Yn 1117 waard in begjin makke oan de bou fan in stiennen tsjerke ta eare fan de ûntsliepenis fan Marije, dy't yn 1119 troch biskop Jehannes fan Novgorod ynwijd waard. Yn 1131 waard Antonius troch biskop Nifont ta hegumen fan it kleaster wijd dat er stifte hie. Antonius hie 16 jier de lieding oer it kleaster.
Autentikens
bewurkje seksjeIt libben fan de hillige is foar it measte legindarysk, mar syn aktiviteiten wurde troch histoaryske boarnen underboud. De Novogorod-kroniken fermelde de bou fan in kleastertsjerke, de beneaming ta abt en de dea fan Antonius.
Hillichferklearring
bewurkje seksjeEarder waard de abt al lokaal fereare, mar sûnt 1597 wurdt Antonius offisjeel yn de Russysk-Otterdokse Tsjerke as hillige fereare. Syn feestdagen binne op 17 jannewaris en 3 augustus.
De reliken fan de hillige, dy't al sûnt de hillichferklearring yn de katedraal fan it kleaster bewarre waarden, krigen yn 1860 in nije skryn, . Yn 1927 waarden by it hichtepunt fan in anty-religieuze weach de reliken út de skryn helle en nei it anty-religieuze museum fan Novgorod oerbrocht, dat ûnderbrocht wie yn de Sofiakatedraal. Lange tiid waard tocht dat de reliken ferdwûn wiene. Nei in ûndersyk fan 20 jier binne de reliken fan de hillige út in samling reliken dy't by inoar leine trasearre en isolearre en oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke oerdroegne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysk talige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Антоний Римлянин
|