Albert Cornelis (Appie) Baantjer (Urk, 16 septimber 1923Alkmaar, 29 augustus 2010) wie in Nederlânsk skriuwer fan detektiveromans en âld-plysje.

Appie Baantjer kriget in lintsje fan boargemaster Polak yn 1979

Baantjer wie de skepper fan resersjeur De Cock (mei CeeOooCeeKaa) yn Amsterdam. Hy skreau 70 Baantjers, wêrfan mear as 7 miljoen eksimplaren fan ferkocht binne. De op Urk berne Baantjer wie sels plysjeman, earst yn Amsterdam-East en letter op it buro Warmoesstraat yn de rosse buert fan Amsterdam. Dêr die hy ynspiraasje op foar syn boeken.

Yn 1995 begûn de tv-rige Baantjer, mei Piet Römer yn de haadrol. It wie tolve seizoenen lang in súkses. Der binne mear as 120 ôfleverings makke.