De Araneilannen (Ingelsk: Aran Islands, Iersk: Oileáin Árann) binne trije eilannen yn de mûning fan de Baai fan Galway yn county Galway yn Ierlân (op Ierlân). De bewenners op de eilannen libben fanâlds fan de fiskerij, mar hjoed-de-dei is it simmertoerisme ek fan grut ekonomysk belang.

Plak fan de Araneilannen yn Ierlân
De Araneilannen

De eilannen hearre ta de Gaeltacht, de krite dêr't de omgongstaal it Iersk is, mar de bewenners binne it Ingelsk ek machtich.

Inis Mór (Ingelsk: Inishmore, 'it grutte eilân') is mei 1281 bewenners (2002) it grutste eilân. Cill Rónáin (Kilronan) is it grutste doarp op it eilân, en hat in haven dêr't de fearboat fan it fêstelân oanleit. Op it eilân binne ferskate forten út de izertiid, ûnder oaren Dún Aonghasa en Dún Dúchathair (Dún is Iersk foar fort). Inis Mór hat in rol spile by de fersprieding fan it iere kristendom yn Ierlân. It eilân hat ferskate ruïnes fan tsjerkjes. De âldste is fan de fyfde iuw. Inis Mór is populêr by toeristen.

Inis Meáin (Ingelsk: Inishmaan, 'it middelste eilân') is net it lytste eilân, mar hat wol it leechste tal ynwenners en is it minste op toeristen rjochte.

Inis Óirr (Ingelsk: Inisheer, 'it eastereilân') is it lytste fan de arsjipel en hat in feartsjinst mei Ros a'Mhíl en Doolin.