Arent Roggeveen (Delfshaven, earste helte 17e iuw - beïerdige yn Middelburch, 27 novimber 1679) wie in Nederlânsk dichter en wiskundige mei in soad kunde fan stjerrekunde, ierdrykskunde en seefeartkunde.

Arent Roggeveen
Pascaerte van Terra Nova, Nova Francia, Nievw Engeland En de Groote Revier van Canada

Roggeveen makke in atlas en printeboeken mei geografyskee en stjerrekundige ynformaasje. Hy wie learaar fan berop en joech les yn boppeneamde fakken. Teffens wie er priuwer fan wyn en sterke drank.

Roggeveen wie kartograaf by de VOC-keamer yn Seelân en wie mei syn soan Jacob Roggeveen dwaande mei ûndersyk nei it net bekende Súdlân.

Om 1671 hinne krige er in oktroai fan de Westyndyske Kompanjy foar in ûntdekkingstocht, mar fanwege de it Rampjier 1672 waard dat neat. Roggeveen makke in atlas fan de westkust fan Amearika, mar stoar yn 1679. Syn soan Jacob soe, yn de âldens fan 62, de reis ûndernimme.

Hy joech om 1669 hinne in ferbettere útjefte út fan in treurspul yn dichtfoarm fan Samuel Bollaert: 't Nederlantsche Treurspel, synde de verkrachte Belgica, ‘vertoonende d'onheylen van 1555-1584’, dat faak spile waard troch de Middelburchske rederikerskeamer Bloemken Jesse dêr't er ek lid fan wie.

In karút:

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: