Ariane fan de Nederlannen

Ariane fan de Nederlannen (De Haach, 10 april 2007), folút Ariane Wilhelmina Máxima Ines fan Oranje-Nassau, is de tredde dochter fan Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima.

Prinsesse Ariane yn 2023

Prinsesse Alexia waard tiisdei 10 april 2007 om 21.56 oere berne yn it sikehûs Bronovo yn De Haach. Freed 13 april, yn it âlde stêdhûs fan De Haach, joech har heit har berte oan by de boargerlike stân, yn de persoan fan lokoboargemaster Jetta Klijnsma.

Prinsesse Ariane is op de neikommende wize ferneamd:

  • Ariane, om't heit en mem wer in namme mei in A woenen;
  • Wilhelmina nei har oeroarrebeppe keninginne Wilhelmina;
  • Máxima nei har oeroarrebeppe Máxima, oarrebeppe fan har mem Máxima;
  • Ines/Inez nei har muoike Ines, jongste sus fan har mem Máxima.

Har persoanlike titel is Prinsesse. Nei har susters Prinsesse Amalia en Prinsesse Alexia is Prinsesse Ariane de tredde yn de oarder fan troanopfolging.