Armeenske Katarinatsjerke (Sint-Petersburch)

De Katarinatsjerke (Russysk: Церковь армянская Святой Екатерины, Armeensk: Հայերեն Սուրբ Քեթրին) is in Armeensk tsjerkegebou yn 'e Russyske stêd Sint-Petersburch. De tsjerke stiet oan 'e Nevski Prospekt 40-42 en, lykas by in skûltsjerke, wat ferside fan 'e strjitte tusken de bebouwing.

Katarinatsjerke
Lokaasje
lân flagge fan Ruslân Ruslân
plak Sint-Petersburch
adres Nevski Prosp. 40-42
koördinaten 59° 56' N 30° 19' E
Arsjitektuer
arsjitekt Joeri Velten
boujier 1771-1776
boustyl klassisisme
monumintale status Monumint fan federaal belang
monumintnûmer 781620422320006
Kaart
Armeenske Katarinatsjerke (Sint-Petersburch-Sintrum)
Armeenske Katarinatsjerke

Fuort nei de stifting fan 'e stêd setten ek de earste Armeenjers harren dêr nei wenjen en yn 1710 waard ek in Armeenske parochy stifte. Yn 1714 tsjinne de archimandryt in fersyk yn om in eigen tsjerke bouwe te meien. Dat fersyk waard ôfwiisd, ek al wie de stêd yn dy tiid tige tolerant. It duorre noch oant yn 1725, doe't de Armeenjers tsjinsten fiere mochten yn in houten gebou op it Vasilevski-eilân.

 
Ivan Lazarev.

Yn 1740 mocht de mienskip in lytse stiennen tsjerke bouwe, mar de dea fan tsarina Anna Ivanovna joech de plannen yn bulten en fan de bou kaam neat telâne. Yn 1770 tsjinne Ivan Lazarev, in Armeenske keapman yn ealstiennen, foar de mienskip in nij fersyk yn. Hy hie goede kontakten mei tsarina Katarina de Grutte, dy't dan ek yn fuort har segen oan it projekt joech om op eigen kosten in tsjerke te bouwen.

Foar de bou fan 'e tsjerke waard in stik grûn tawiisd oan 'e Nevski Prospekt foar de hannelsbeurs Gostiny Dvor oer. It wurk waard neffens de plannen fan Joeri Felten mei faasje útfierd en al yn 1772 koe de tsjerke yn gebrûk nommen wurde. De boukosten wiene 33.000 roebel en 90% dêrfan kaam foar rekken fan Ivan Lazarev. Op 18 febrewaris 1780 waard de tsjerke ynwijd ta eare fan 'e hillige Katarina, patroanhillige fan Katarina de Grutte. De tsjerke waard it sintrum fan 'e Armeenske kultuer yn Sint-Petersburch mei ek in printerij en in skoalle.

Yn 1930 waard de tsjerke sletten. Tusken 1931 en 1934 waarden ekstra ferdjippings ynbrocht om it gebou foar oare funksjes geskikt te meitsjen. It hiele ynterieur gie dêrby ferlern. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard it gebou it haadkertier fan 'e loftferdigening en nei de oarloch waard it gebou oerdroegen oan 'e Muzikale Komeedje fan Sint-Petersburch.

 
 
Grûnplan.

Yn 1990 woe de Armeenske mienskip de tsjerke werom ha. Yn 1993 folge de oerdracht en dêrnei fûn in restauraasje plak. Op 12 july 2000 waard de tsjerke troch de katolikos fan Armeenje, Karekin II, yn oanwêzigens fan patriarch Aleksi II, wer ynwijd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Армянская церковь Святой Екатерины (Санкт-Петербург)