Arnoldus Prakken (Sutfen, 1854 - De Haach, 18 desimber 1925) naam om 1888 hinne it behear oer de sûkereidrûgerijen oer fan syn omke Dirk Fontein de Jong, dêr't er sûnt 1872 by yn de kost wie.

Arnoldus Prakken

Doe't op 10 jannewaris 1882 it gemeentehûs yn Moarrewâld iepene waard, wie Prakken foarsitter fan de feestkommisje. Prakken krige meardere publike funksjes. Sa wie hy sûnt de oprjochting fan 'De Vriendenkring' yn Dantumawâld yn 1879 oant syn weromtreden yn 1917 bestjoerslid fan dizze sosjéteit. Hy begûn as sekretaris. De gemeenteried fan Dantumadiel beneamde him op 12 desimber 1882 as lid fan de nij foarme skoalkommisje. Hy wie bestjoerslid fan de 'ûnderlinge Dantumadiel' en de ôfdieling Dantumadiel ta Nut fan it algemien. Yn 1892 wie hy sekretaris fan it sintraal bestjoer fan Frijsinnige kiesferienings. Alve jier letter wie hy bestjoerslid fan de kiesferiening Algemien belang yn Dantumadiel. Letter wie hy inkele jierren riedslid. Yn 1893 waard hy fertsjintwurdiger fan de Nederlânske Hypoteekbank yn Veendam. Op 19 desimber 1896 waard Prakken keazen as foarsitter fan de ôfdieling Dokkum/Dantumadiel fan de Friese Mij. Prakken beklaaide dy funksje oant 22 maaie 1915. Op 19 febrewaris 1900 waard hy beneamd ta earmfâd yn Moarrewâld. Yn july 1896 waard Prakken bestjoerslid fan de Folksbank yn Dantumadiel. It Nut naam yn septimber 1880 it inisjatyf om yn de Wâlden in sparbank op te rjochtsjen, yngeande 1 jannewaris 1881. As 'direkteuren' waarden A. van Kleffens, A. Prakken en J. de Groot beneamd. Yn ûnder oare 1906 wie Prakken ponghâlder fan de bank. Yn maaie 1903 folge de beneaming ta lid fan it Nederlânske Lânboukomitee. Yn maaie 1917 ferhuze de húshâlding Prakken nei De Haach. Hy ferstoar dêr op 18 desimber 1925.

De pleats Dammeloane 45 is bekend as 'Prakken pleats'. Dy pleats waard yn 1915 yn opdracht fan Arnoldus Prakken boud troch A. Kingma út Hantum. Tjeerd Tabes Annema út Eastermar waard de hierder fan de pleats mei lannen.

Op 26 maart 1968 is de strjitnamme A. Prakkenstrjitte bekendmakke.