Arnulf fan Gint

(Trochferwiisd fan Arnulf (Greve))

Arnulf of Arnold (Gint, 95118 septimber 993) wie in Fryske greve. Hy bestjoerde fan 988 oant 993 it greefskip dat letter Hollân neamd wurde soe. Hy hie ek it bewâld oer West-Fryslân en wie de earste (Hollânske) greve dy't te krijen hie mei Fryke ûnderdienigen dy't besochten harren safolle mooglik te ûntdwaan fan it greeflik gesach.

Arnulf fan Hollân

Om't Arnulf yn Gint berne wie waard hy ek wol Arnulf fan Gint (Gandensis) neamd. Hy wie de âldste soan fan Durk II, de Greve fan Hollân. Arnulf troude yn 980 mei Liudgarde. Sy wie in dochter fan Siegfried fan Verdun, greve fan Lúksemboarch en Hadewig fan Lotharingen. Ut dit houlik kamen trije bern, ien dochter Adelina fan Hollân (ferstoarn ± 1045) en twa soannen, Durk III fan Hollân (± 981 - 27 maaie 1039) en Siegfried fan Hollân980 - 5 juny 1030).

Yn 983 beselskippe Arnulf keizer Otto II fan Dútslân nei Rome. Mei stipe fan dy keizer koe er syn grûngebiet fierder útwreidzje nei it suden ta.

Yn 993 hie Arnulf te krijen mei in opstân yn West-Fryslân. Hy stjoerde syn leger der op ôf om syn Fryske ûnderdienen op 'e nij ta hearrigens te twingen. By Winkel (Slach by Winkel) sneuvele er op 18 septimber tsjin de opstannelings. Syn frou Liudgarde koe allinnich mei stipe fan de kening fan it Hillige Roomske Ryk it Greefskip Hollân foar har âldste soan Durk III bewarje.

Arnulf is mei ferskate oare famylje begroeven yn de doetiidske Abdij fan Egmond en waard letter hillich ferklearre. Syn frou Liudgarde joech foar it sieleheil fan har oarehelte it besit Rugge oan de Sint-Pietersabdij yn Gint. Yn 1005 fersoende sy har mei de fijannige West-Friezen.

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 112.
  • Herre Halbertsma, Frieslands oudheid, Het rijk van de Friese koningen, opkomst en ondergang, (Utert, 2000).