Arsum
Arsum wie in buorskip ûnder Jorwert yn de gemeente Ljouwert.
Op moderne kaarten stiet de namme op in ferkeard plak oanjûn. Dat is komd troch in misferstân fan Eekhoff yn 1844 dy't de namme súdeast fan ynstee fan west fan Jorwert oan joech. Yn de twadde helte fan de 15e iuw komt de buorskip foar as Aersem en ek as Arssum. De fariant Aarsens Buiren (1783) kin oan ynfloed as oare buorskippen ûnder Jorwert: Fûns en Battens taskreaun wurde. It nammestikje Buiren jout oan dat er as in echt buorskip sjoen waard. It sil grif om in namme op -hiem gean. It earste stikje sil in persoansnamme wêze mei as kearn Ar dat eat as 'earn' betsjutten hat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|