Arthur Walkington Pink (Nottingham, Ingelân, 1 april 1886 - Stornoway, Skotlân, 15 july 1952) wie in Ingelske sindeling en in bibelwittenskipper bekend fanwegen syn kalvynistyske en puriteinske lear.

Arthur Walkington Pink

Pink waard waard kristen doe't er yn syn twintiger libbensjierren wie. Hoewol't er berne waard út kristlike âlden, gie er foar syn bekearing nei in Teosofyske mienskip (in gnostike mienskip dy't doe populêr yn Ingelân wie) ta, en naam al mei gauens dêr in foaroansteande posysje yn. Syn bekearing kaam troch syn heites geduldige fermoannings fanút de Bibel. It wie de tekst: Spreuken 14:12 "Dêr is in paad dat de minske goed taliket, mar it einiget yn wegen fan de dea," dy't yn it bysûnder yn syn hert ynsloech en him twong om te brekken mei de teosofy en him de Heare Jezus folgje liet.

Dit artikel is in stobbe oer religy.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta.