Asjtarak
Asjtarak (Armeensk: Աշտարակ, itjinge 'toer' of 'fort' betsjut) is it haadplak fan 'e Armeenske provinsje Aragatsotn.
Asjtarak Աշտարակ | ||
Monumint fan Davit Bek yn Kapan | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Armeenje | |
provinsje | Sjûnik | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.834 (2011) | |
Oerflak | 7.5 km² | |
Hichte | 1.110 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC+4 | |
Koördinaten | 40°18'N 44°21'E | |
Offisjele webside | ||
ashtarak.am | ||
Kaart | ||
Neffens de sinsus fan 2011 hie de stêd 18.834 ynwenners. By in offisjele rûzing fan 2016 soene dat noch 18.000 wêze.
De stêd leit oan 'e iggen fan 'e Kasagh, likernôch 20 km noardwest fan Jerevan. Asjtarak spilet in grutte rol yn 'e ekonomy fan Armeenje en der binne ferskillende grutte bedriuwen en kulturele ynstituten. Asjtarak is in sintrum fan 'e fiedselferwurkjende yndustry. De stêd hat him ûntwikkele ta in satellytstêd fan Jerevan.
Yn 'e stêd steane ferskillende midsiuwske tsjerken, wêrfan't twa (de Soerb Mariane (1271) en in lytse 7e-iuwske Karmravortsjerke) noch folslein en oaren as ruïne bewarre bleaun binne. De Sint-Sarkistsjerke is in 19e-iuwsk gebou dat op 'e fûneminten fan in eardere tsjerke boud waard. Oare monuminten tsjûgje fan in permaninte bewenning sûnt de ierkristlike tiid.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asjtarak fan Wikimedia Commons. |