Assens (gemeente)

Assens is in gemeente op it eilân Fún yn de Deenske regio Súd-Denemark.

Assens
flagge wapen
Gjin Flagge (Bekend).PNG Assens Kommune coa.svg
Wapen fan de gemeente Assens
lokaasje
Map DK Assens.PNG
polityk
lân Flag of Denmark.svg Denemark
regio Súd-Denemark
boargemaster Søren Steen Andersen (sûnt 2014)
sifers en geografy
haadplak Assens
grutste plak Assens
ynwennertal 41.328 (2018)
oerflak 651,6 km²
skiednis
oprjochte 2007
oar
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.assens.dk

De gemeente is yn it ramt fan de gemeentlike reorganisaasje fan 2007 ûntstien troch de gearfoeging fan de fiif gemeenten Assens, Glamsbjerg, Haarby, Tommerup en Vissenbjerg. De sit fan it gemeentebestjoer is de stêd Assens.

De gemeente Assens hat in ynwennertal fan 41.328 (01.01.2018) en is 651,6 km² grut.