Astana (Kazachstan)
(Trochferwiisd fan Astana)
Astana (earder Tselinograd, Aqmola en Nursultan, Kazachsk en Russysk: Астана) is de haadstêd fan Kazachstan en leit oan de rivier Isjim, yn Noard-Kazachstan, yn in flak steppegebiet.
Astana | ||
Bestjoer | ||
Lân | Kazachstan | |
Dielgebiet | Astana | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1 350 228 (2022) | |
Oerflak | 722 km² | |
Befolkingsticht. | 958/ km² | |
Hichte | 347 m | |
Oar | ||
Stifting | 1830 | |
Tiidsône | Bûtaanske Tiid, BTT (UTC+6) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee Astana |
De stêd, dy't yn 2022 sa'n 1 350 228 ynwenners telde, is sûnt 1997 haadstêd fan Kazachstan. De namme Astana betsjut 'haadstêd' yn it Kazachsk. Polityk en regearing binne de wichtichste ekonomyske faktoaren yn Astana. Astana foarmet in spesjale ekonomyske sône.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDer binne noch in protte bouprojekten net klear, sa as ambassades, represintative kades de rivier Isjim by lâns, ynfrastruktuer foar ferfier en kommunikaasje, ensafuorthinne.
- de moderne regearingswyk
- de ouwers fan de Isjim
- it "Oseanarium"
- it Islamitysk sintrum
- de roomsk-katolike katedraal
- de merkehal
- it Histoarysk Museum fan Kazachstan
- de piramide fan frede