Asunción
Asunción (folsleine namme: La Muy Noble y Leal Ciudad de Nuestra Señora Santa María de la Asunción) is de haadstêd fan Paraguay. De agglomeraasje mei de namme Gran Asunción, omfiemet de stêden San Lorenzo, Fernando de la Mora, Lambaré, Luque, Mariano Roque Alonso, Ñemby en Villa Elisa en hat sa'n 2.1 miljoen ynwenners. De stêd leit oan de rivier de Paraguay.
Asunción La Muy Noble y Leal Ciudad de Nuestra Señora Santa María de la Asunción | ||
Montaazje fan Asuncion | ||
Bestjoer | ||
Lân | Paraguay | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 680.250 (2009) | |
Oerflak | 117 km² | |
Befolkingsticht. | 4.411 / km² | |
Stêdekloft | 2.164.316 op 1000 km² | |
Hichte | 43 m | |
Oar | ||
Stifting | 15 augustus 1537 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
[1] |
Kultuer
bewurkje seksjeAsunción is de sit fan it regear, wichtichste lofthaven en ekonomysk en kultureel sintrum fan Paraguay. De wichtichste yndustryen binne tekstyl en tabak. De stêd hat in tal opmerklike gebouwen, wêrûnder it Panteón Nacional – in lytsere ferzje fan it Hôtel des Invalides – dêr't de nasjonale helden begroeven binne. Dêrneist binne it Catedral Metropolitana en de Casa de Independicia foarbylden fan it koloniale erfgoed. De âlde koloniale stêd is foar it meastepart ferdwûn yn de jierren 70 en 80 fan de 20e iuw troch renovaasje.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Asunción fan Wikimedia Commons. |